Undersyk nei put It Amelân

16 mrt 2010 - 16:01
  • Boargemster De Hoop fan It Amelân

Rykswettersteat moat útsykje as der noch mear djippe putten binne yn de dunen by Hollum op It Amelân. Dat wol boargemaster Albert de Hoop fan de gemeente. Ofrûne sneon foel in famke fan acht jier yn in fiif meter djippe put. De brânwacht hat har der úthelle.

Rykswettersteat is ferantwurdlik foar de dunen op It Amelân. De Hoop wol dat Rykswettersteat aksje ûndernimt om nije ûngelokken foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)