Undersyk nei parkearen Drachten

18 mrt 2004 - 00:00

Smellingerlân ûndersiket it ferlet nei parkearromte yn it sintrum fan Drachten. Dat sei wethâlder Veenstra ta op in ynformaasjejûn oer it Masterplan Drachten. It sintrum wurdt foar seis miljoen euro opknapt. Huzen wurde sloopt en der komme 2 parkeargaraazjes.

It Thalenpark dat ûnder it Masterplan falt, wurdt foarearst net opknapt. It is pas oer fiif jier oan bar. Bewenners wolle dat it park prioriteit krijt om't jongeren foar in soad oerlêst soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)