Undersyk nei oerfal giet dreech

15 feb 2001 - 15:42

De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûnderyk nei de oerfal op in man út Noardburgum. Twa mannen oerfoelen 18 jannewaris de 69-jierrige man yn 'e hûs. Doe't er gjin jild jaan woe, mishannelen de oerfallers him swier.

De plysje siket tsjûgen dy't it ûndersyk fierder helpe kinne. It sinjalemint fan 'e Wâldfrysk pratende dieders is bekend. Ien ferlear in gouden ketting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)