Undersyk nei oar plak Ponderosa

17 jan 2003 - 00:00

Diskoteek Ponderosa moat út it sintrum fan Dokkum. De disko foldocht oan alle easken, mar hat de lêste jierren foar in soad ûnrêst soarge. It kolleezje fan Dongeradiel wol ûndersykje wat de gefolgen binne fan de ferpleatsing.

In kommisje besjocht de mooglikheden om de bar-dancing nei de râne fan de stêd te ferpleatsen. Der wurdt al tweintich jier praat oer in oare lokaasje foar Ponderosa. Mei it ûndersyk hopet de gemeente op in definitive oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)