Undersyk nei oanpassing spoarbrêge Van Harinxmakanaal

14 okt 2015 - 10:11
  • De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert

De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert biedt yn de takomst net genôch trochfeartmooglikheden foar skippen fan de steande mêstrûte. Fan 2021 ôf ride der alle oeren fjouwer treinen tusken Ljouwert en Swolle. Dêrtroch kin de brêge minder faak iepen.

De provinsje sil ûndersykje wat de mooglikheden binne om dit op te lossen. Dêrby giet de provinsje út fan trije opsjes. Sa kin de rûte oanpast wurde troch de rekreaasjefeart om te lieden troch it sintrum fan Ljouwert. De brêge hoecht dan allinnich iepen foar de beropsfeart.

Oare opsjes binne it ferfangen fan de spoarbrêge foar in hegere fariant of it útbaggerjen fan de farrûte tusken Fonejacht en Ljouwert, sadat de beropsfeart djipper komt te lizzen en op gewoane snelheid trochfarre kin.

No moat de beropsfeart noch snelheid minderje as it by in brêge komt. De útkomsten fan it ûndersyk fan de provinsje moatte yn it foarjier fan 2016 bekend wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)