Undersyk nei nijbou skoalle

18 okt 2007 - 15:10

Oer twa moanne wurdt dúdlik hoe grut de nijbou fan de OSG Sevenwolden op it Hearrenfean wurde mei. De gemeente ûndersiket dat op dit stuit. De nijbou fan de HAVO- en VWO-ôfdieling komt oan it Fedde Schurerplein op it Hearrenfean.

De skoalle is de lêste tiid bot groeid. Sevenwolden sels seit dat der aanst plak wêze moat foar 1150 learlingen. De gemeente wol dêr noch net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)