Undersyk nei mooglikheden Eigen Veerdienst Ameland

22 sep 2015 - 07:43

Der komt in ûndersyk nei de mooglikheden fan in Eigen Veerdienst Ameland. It foarstel fan riedslid Rudolf Teuben fan de fraksje Ameland '82 krige moandeitejûn stipe fan de rest fan de gemeenteried. De oare fraksjes, op de VVD nei, hienen de moasje yn it foar al stipe.

De VVD wie kritysk oer de rol dy't de gemeente spylje moat, mar stipe it plan úteinlik dochs. Der wurdt noch sjoen wat it ûndersyk kostje sil. Neffens Teuben binne de 10.000 euro dy't earst neamd waard, net genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)