Undersyk nei moard ôfsluten

20 okt 2004 - 10:22

It ûndersyk nei de dea fan Fokko_Werkman út Haule is ôfsluten. De plysje hat gjin dieder oanhâlde kinnen. De saak is oerdroegen oan it cold-caseteam.

Werkman waard 12 oktober 2003 dea fûn yn syn hûs achter syn kroech yn Haule. Nei alle gedachten is er it slachtoffer wurden fan in gewelddiedige rôfoerfal. In team fan 25 resjerzjeurs hat oan de saak wurke. Der binne 380 tsjûgen heard. Ek tipjild (10.000 euro) hat net ta de dieder liede kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)