Undersyk nei mishanneling

05 des 2000 - 09:46

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat in ûndersyk ynsteld nei de mooglike mishanneling fan in swalker yn it âlde Ljouwerter gefang. De 47-jierrige man út Arnhim soe yn maaie oan de gefolgen fan de mishanneling stoarn wêze.

De mishanneling is al earder ûndersocht. Neffens de lykskôger wie sprake fan in natuerlike dea. De dochter fan de ferstoarne hat no op 'e nij oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)