Undersyk nei miljeu-effekten slûskompleks Koarnwertersân

24 sep 2015 - 16:08

Alle mooglike farianten fan it útdjipjen fan fargeulen en de útwreiding fan it slûskompleks by Koarnwertersân moatte goed ûndersocht wurde op de miljeu-effekten. Dat advys docht de Commissie MER. Alle farianten ha wer in oar effekt op it miljeu.

De útwreiding fan de slûs by Koarnwertersân is in lang koestere winsk fan bedriuwen, gemeenten lâns de Iselmar en de provinsje. It makket de mar better berikber foar gruttere jachten en frachtskippen.

Ynkoarten moat de ried fan Súdwest-Fryslân te set oer de wiziging fan it bestimmingsplan foar it kompleks. Om't it Natura 2000 gebiet is, is in yngreven ûndersyk nei de miljeu-effekten needsaaklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)