Undersyk nei malêse yn skipsbou

20 aug 2003 - 00:00

De provinsje Frylân sil yn gearwurking mei Grinslân en Drinte ûndersyk dwaan nei de malêse yn de skipsbou yn it Noarden. De provinsje makket har grutte soargen no't de iene nei de oare skipswerf fallyt liket te gean.

Yn Fryslân giet it om Tille Shipyards yn Koatstertille, Bylsma Warten en Scheepswerf Harlingen. Boppedat is de takomst foar Bylsma op De Lemmer ûnwis. De Fryske skipswerven moatte konkurrearje mei dy yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)