Undersyk nei lûdsoerlêst

29 jul 2003 - 00:00

It KNMI docht ûndersyk nei lûdsoerlêst fan it militêre oefenterrein De Vliehors op Flylân. Foar it ûndersyk wurde op Texel seis mikrobarograven delset. Dêrmei kin lûd mjitten wurde, fral lûden mei in lege frekwinsje. Ek kin der ûndersyk dien wurde nei drukgolven.

Mei de risseltaten wol it KNMI apparatuer ûntwikkelje foar it mjitten fan eksploazjes. It ûndersyk begjint takom jier en duorret fjouwer jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)