Undersyk nei lek rekkenkeamer

05 nov 2002 - 00:00

It ûndersyk nei de rekkenkeamer fan Boarnsterhim is hast klear. Dat ferwachtet it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert. Boargemaster Dykstra hie oanjefte dien nei't fertroulike ynformaasje yn de lokale parse de MidFrieslander printe wie.

Justysje hat ûnderwilens alle tsjûgen oer it lekken heard. Under har wie ek de sjoernalist fan de krante. Dy beropt him op it ûntskuldigingsrjocht sadat gjin tsjûgenis ôflein wurde hoecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)