Undersyk nei kontrakt Omrin

26 apr 2009 - 11:21

B. en W. fan Frjentsjerteradiel wolle 40.000 euro útlûke foar in ûndersyk nei wat it betsjut as de gemeente ophâldt mei ôffalferwurker Omrin.

Frjentsjerteradiel hie al oankundige om de relaasje mei Omrin opnij te besjen, as dat bedriuw de bou fan in ôffaloven yn Harns trochsette soe. De gemeente is it net iens mei de komst fan de oven, omdat der soargen binne oer de oerlêst dêrfan. Omrin ferwurket de smoargens fan hast alle gemeenten yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)