Undersyk nei kar yn soarch

20 maaie 2011 - 16:02

Zorgbelang Fryslân wol mei in meldaksje útfine hoe't minsken tinke oer de keuzes dy't se ha yn de soarch. Sûnt fiif jier is der folle mear frijheid in dokter of spesjalist te kiezen. Soarchbelang wol no witte hoe tefreden minsken dêroer binne.

De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt yn de petearen dy't Soarchbelang hat mei fersekerders en oanbieders fan soarch. Doel is om de soarch noch better ôf te stimmen op de winsken en it ferlet fan pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)