Undersyk nei it oantal haaien yn de Waadsee

28 aug 2015 - 06:26
  • It opmjitten fan in haai op de Waadsee

De waadferiening sil tegearre mei garnalefiskers ûndersyk dwaan nei it oantal haaien yn de Waadsee. Alle haaien dy't de fiskers by fersin yn de netten fange, krije in merkje yn de rêchfin. Ek wurde de soart haai, lingte, it geslacht en de lokaasje dêr't er fongen is opskreaun. Dêrnei wurdt it bist wer werom setten.

It komt hieltyd faker foar dat berops- en sportfiskers melding meitsje fan haaien dy't se fange by de Waadeilannen. Om te sjen of it oantal haaien yndie tanimt, wol de Waadferiening dit ûndersyk dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)