Undersyk nei ikeprosesjerûp

29 jul 2012 - 09:24

Yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurde de kommende wiken mei spesjale lokkastjes sa'n 16.000 ikeprosesjeflinters fongen. De flinters wurde brûkt foar in grut ûndersyk nei de fersprieding fan nêsten fan de ikeprosesjerûp. Dy wurdt yn it noarden in hieltiten grutter probleem. Dat komt trochdat der hjir yn ferhâlding folle mear ikebeammen binne as yn de rest fan it lân. De hjirkes fan de rûp kinne slimme sûnensklachten feroarsaakje.

Foar it ûndersyk wurde 3.000 flinterfallen ophongen, foaral yn de omkriten fan skoallen, sikehûzen en fytspaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)