Undersyk nei hoastjen yn MCL

01 jun 2011 - 11:38

Minsken dy't langer as acht wike hoastje kinne telâne yn it MCL yn Ljouwert. Dêr wurdt yn in pear oeren tiid in hele trits ûndersiken dien. Nei de ûndersiken is yn njoggen fan de tsien gefallen dúdlik wat de oarsaak is fan it hoastjen en kin de kwaal behannele wurde.

It sikehûs hat koartlyn in proefprojekt ôfsletten. Earder waarden alle ûndersiken ek wol dien, mar nij is no dat it bondele wurdt sadat der gauwer in diagnoaze steld wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)