Undersyk nei hazzepest by Akkrum

16 apr 2015 - 12:01
  • Twa hazzen

GGD Fryslân en de RIVM dogge ûndersyk nei de hazzepest. Oanlieding is de fynst fan njoggen besmette hazzen dy't sûnt febrewaris yn de omjouwing fan Akkrum fûn binne. De hazzepest (tularemy) is deadlik foar kjifdieren. Minsken kinne der siik fan wurde. De symptomen binne te behanneljen mei antibioatikum.

Om besmetting foar te kommen riedt de GGD minsken oan om deade bisten net oan te reitsjen. It ûndersyk rjochtet him foarearst op de omjouwing fan Akkrum. Dêr wurde meunsters naam fan it wetter, om te sjen oft de baktearje dêr ek yn sit.

It is sechtich jier lyn dat de hazzepest foar it lêst foarkaam yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)