Undersyk nei hazzen

02 sep 2012 - 17:02
  • Hazze yn de wyk Suderbuorren yn Ljouwert

In nij ûndersyk moat dúdlik meitsje wêrom't yn Fryslân hieltyd minder hazzen foarkomme. It tal rint al jierren tebek. Minder ferskaat oan planten en struken en mear foksen, murden en rôffûgels spylje dêrby in rol.

De ûndersikers sjogge op It Amelân, op Skylge, Skiermûntseach en op meardere plakken op 'e fêstewâl. Inkelde tsientallen hazzen krije in stjoerderke om. It ûndersyk begjint yn novimber en it moat oer fjouwer jier klear wêze. Van Hall Larenstein, ûnderdiel fan de Wageningen Universiteit, fiert it út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)