Undersyk nei grûnferkeap Eagum

23 mrt 2011 - 07:20

Der komt in saneamd ferkennend ûndersyk nei grûntransaksjes yn de gemeente Boarnsterhim. Yn dat ûndersyk wurdt ek de rol fan de eardere wethâlder Jenny Bouma meinaam. De wethâlder soe in persoanlik belang hân ha by de kommende realisaasje fan de bou fan in trijetal wenten yn Eagum.

It ferhaal spilet al hast tsien jier. Tiisdeitejûn is de gemeenteried, op fersyk fan boargemaster en wethâlders, akkoart gien mei in ûndersyk nei de gong fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)