Undersyk nei gemeente frege

05 nov 2000 - 17:37

Nei it funksjonearjen fan de gemeente Smellingerlân by en nei de ATF-brân moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme. Dat wolle omwenjenden fan it bedriuw.

Smelle Ie leit letterlik ûnder de reek fan Drachten. De ûngerêstheid by de ynwenners fan Smelle Ie is tanaam no't by deade sweltsjes yn it gebiet in hege konsintraasje cadmium fûn is. De bewenners binne bang foar har sûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)