Undersyk nei gaslek Bilgaard

03 aug 2007 - 16:28

Woonbedrijf Leeuwarden docht ûndersyk nei de kwaliteit fan in gaslieding by in flatgebou oan de Kei. Tongersdei waard by de flat in gaslek fûn nei in melding fan in bewenner. Enerzjybedriuw Essent hat de lieding ôfsletten. De flat oan de Kei is ein jierren '60 boud.

As út it ûndersyk bliken docht dat de hiele lieding der min oan ta is, dan sil mooglik by mear flats gasliedings ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)