Undersyk nei fytsrûtes

11 feb 2004 - 00:00

Der komt mooglik in provinsjebreed netwurk fan fytsrûtes. Stichting Doarp en Bedriuw ûndersiket dat yn opdracht fan de provinsje. Sa'n netwurk is in paadwizerssysteem mei dêryn knyppunten foar de rekreative fytser.

Yn Noardwest-Fryslân is al sa'n oersjoch yn tsien gemeenten. Fanwegen dat sukses wol de provinsje dat no yn hiel Fryslân ynfiere. Doarp en Bedriuw Fryslân krijt 9500 euro fan de provinsje om it ûndersyk te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)