Undersyk nei fytsklimaat Snits

12 sep 2007 - 12:19

It Fytsersbûn ûndersiket hoe 't it steld is mei it fytsklimaat yn Snits. Woansdeitemoarn is dat ûndersyk mei in spesjale mjitfyts úteinset.

Dêrmei wurdt ûndersocht wat de gemiddelde snelheid is wêrmei 't in fytser troch de stêd fan A nei B kin. Ek wurde de wachttiden foar stopljochten mjitten en oer wat foar ûndergrûn fytsrûtes geane. Snits en de oare ûndersochte gemeenten, krije in rapport mei advys foar ferbetteringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)