Undersyk nei Fryske tsjerken

15 okt 2008 - 10:13
  • Undersyk nei Fryske tsjerken...
  • ...oft se behâlden wurde kinne

De Stichting_Alde_Fryske_Tsjerken sil ûndersykje wat der mei de tsjerken dien wurde moat. Fan de lytse 800 tsjerken wurde goed 550 as tsjerke brûkt. Dêrfan wurdt besjoen oft der genôch draachflak is om de tsjerke te behâlden. Ek wurdt sjoen nei de steat fan ûnderhâld en de kultuerhistoaryske wearde fan it gebou. Dat bepaalt de takomst fan de gebouwen.

It ûndersyk is begjin takom jier klear. It is ûndúdlik hoefolle jild der is foar de oanpak fan de tsjerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)