Undersyk nei .frl of .fry

03 jun 2009 - 15:30
  • De Katalanen ha jierrenlang kampanjefierd foar it .cat-domein

De provinsje Fryslân is dizze wike útein set mei in telefoanyske enkête ûnder Fryske bedriuwen en ynstânsjes nei it ferlet fan in Fryske ynternetekstinsje. Kataloanië is al in skoft yn it besit fan de ekstinsje cat en de lytse Alân-eilannen by Finlân binne yn it besit fan it domein .ax.

Nei oanlieding fan fragen yn de steaten ûndersiket de provinsje no oft bedriuwen en ynstânsjes yn Fryslân ek belangstelling hawwe foar in Frysk topleveldomein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)