Undersyk nei flearmûzen

04 jun 2007 - 14:00
  • Flearmûzen yn in tsjerkenok
  • De tuorren wurde hieltiten mear ôfsletten

De provinsje lit in ûndersyk dwaan nei flearmûzekoloanys yn tsjerken. It fuortbestean fan dy koloanys stiet faai, om't hieltyd mear âlde tsjerken restaurearre wurde. Dêrnei binne se minder goed tagonklik foar de bisten.

Ekologysk buro sil dizze moannen by sawat tachtich âlde tsjerken del, om te sjen hoe't it mei de flearmûzen stiet. De nok fan âlde tsjerken is fan_âlds in tige gaadlik plakje foar flearmûzen, mei al it hout en kieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)