Undersyk nei fiskstân by Grou

18 mrt 2009 - 15:51
  • Undersyk nei fiskstân by De Burd by Grou

Der binne soargen oer de fiskstân yn de wetters op it eilân De Burd by Grou. Om dêr wat dúdlikheid yn te krijen wurdt ûndersyk dien. Mei in lang net en in elektrofiskapparaat wurdt alles leech fiske. Nei mjitting en registraasje wurden de fisken wer weromset yn it wetter.

De konklúzje is dat de fariaasje oan soarten grut is, mar de oantallen falle wat ôf. Der wurdt neitocht oer maatregels, lykas bygelyks baggerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)