Undersyk nei fiskpopulaasje

10 jul 2002 - 00:00

Der komt in grut ûndersyk nei de fisk- populaasje yn Fryslân. Wetterskip Fryslân wol tegearre mei ferskate ynstânsjes útsykje hoe folle fisken en soarten der yn de Fryske wetters swimme.

Doel is om bepaalde fisksoarten lykas de snoek en foarnen wer by de rûs werom te bringen yn Fryslân. It ûndersyk set yn july út ein en sil nei alle gedachten yn febrewaris 2003 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)