Undersyk nei fiskmigraasje Waadsee nei binnenwetter

18 okt 2015 - 14:25

Nei trekfisken yn de Waadsee wurdt ûndersyk dien. De Waadakademy docht dat ûndersyk yn opdracht fan it Waadfûns. Der sil sjoen wurde hokker maatregelen effektyf binne yn it ûntwikkeljen fan ferbinings tusken de Waadsee en it binnenwetter. Dy ferbinings binne yn de rin fan de tiid hieltyd minder wurden. Dêrtroch ferearmet de fiskstân yn de Waadsee.

Ein dit jier sille de resultaten fan it ûndersyk bekend wurde. Op basis dêrfan wurde kritearia fêststeld om de fiskmigraasje wer better op gong te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)