Undersyk nei fertochte Awa

10 sep 2004 - 17:33

De 16-jierrige Awa wurdt yn in jeugdfinzenis ûndersocht. It ûndersyk duorret seis wike. It moat dúdlikens jaan op de fraach hoefier Awa tarekkeningsfetber is.

Justysje sjocht by it ûndersyk ek oft de jonge neffens it folwoeksene- of it jeugdstrafrjocht berjochte wurde sil. Yn hokker finzenis it ûndersyk bart, wol justysje net sizze. Awa stuts op 9 augustus twa kear syn freondin yn 'e brân. Ek in oar famke die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)