Undersyk nei fernielen auto's

13 mrt 2010 - 17:00

De plysje ûndersiket de fernieling fan tsien auto's oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert. De plysje krige freedtenacht de melding dat in groep jongeren auto's fernielde. De plysje fûn de groep yn Goutum. It giet om seis jongeren fan 16 en 17 jier âld.

Omdat der net genôch bewiis is, hat de plysje de groep wer frijlitten. Om de jongeren dochs ferfolgje te kinnen, is de plysje op syk nei mear tsjûgen. De jongeren fernielden ûnder oare de spegels fan de auto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)