Undersyk nei fernield dassehol

10 apr 2014 - 16:59
  • das

De plysje en Steatsboskbehear stelle in ûndersyk yn nei in fernielde dassehol oan de Nije Drintsewei by Bakkefean. It hol waard ferline wike fernield. It giet neffens de plysje om in grutte boarch. In diel fan de boarch is troch ûnbekenden útgroeven. Neffens de plysje binne de minsken holpen troch hûnen. It is net bekend of de dassen de fernieling oerlibbe ha. Se binne mooglik dea makke.

It komt neffens de plysje en Steatsboskbehear faker foar dat dassehollen fernield wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)