Undersyk nei ferkearsgedrach

24 jul 2003 - 00:00

Friezen passe de foarrangsregels yn it ferkear net goed ta. Dat docht bliken út ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de provinsje. Der binne 600 fytsers en autobestjoerders ûnderfrege. Dêrút docht bliken dat de foarrangsregels foar benammen kuierders min tapast wurde.

De helte fan de ûngelokken fynt plak om't de foarrangsregels oertreden wurde. De provinsje brûkt it ûndersyk foar in nije ferkearskampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)