Undersyk nei ferkeap Crystalic

13 des 2002 - 00:00

Nei de ferkeap fan it ICT-sintrum Crystalic komt in ûndersyk. De rjochtbank fan Ljouwert hat Crystalic BV tongersdei fallyt ferklearre. De BV hat in skuld fan rûchwei 9 miljoen euro.

It fallissemint hat foarearst gjin gefolgen foar it Ljouwerter ICT-sintrum om't de aktiviteiten koartlyn ûnderbrocht binne yn in nije BV. Dy BV is eigendom fan Brander fan it fallite boubedriuw Westerbaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)