Undersyk nei ferhuzing Blauw Wyt

17 nov 2005 - 11:20

Der komt mooglik in ekstra ûndersyk nei de ferhuzing fan fuotbalclub Blauw Wyt yn Ljouwert.Dy ferhuzing kostet 4 miljoen mear as tocht. Blauw Wyt sit no by it terrein by de Kondens fan Friesland Foods en giet nei in plakje by Goutum. It fabryk wol útwreidzje.

Yn in earder ûndersyk nei de ferhuzing is op ferskate wichtige fragen noch net yngong. De PvdA yn Ljouwert wol ek oare projekten tsjin it ljocht hâlde, lykas de ferbou fan it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)