Undersyk nei ferfiersgaos

18 maaie 2009 - 11:59
  • Der binne 140 bussen nei Rotterdam ôfset

Arriva sil de gong fan saken mei it busferfier, snein foar de bekerfinale fan SC Hearrenfean, wiidweidich evaluearje. De bussen moasten nei De Kuip yn Rotterdam ta. By it ôfsetten út Fryslân wiene der organisatoaryske problemen. De bussen kamen te let oan op de opstapplakken. Dêrnei koene de fans de bus dêr't se yn moasten, net fine. In oar probleem wie dat der op it bedriuweterrein by It Hearrenfean in autofile ûntstie dêr't ek bussen yn telâne kamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)