Undersyk nei feiligens

07 jan 2005 - 14:36

Tûzen Friezen wurdt nije wike frege mei te dwaan oan in tillefoanysk ûndersyk nei feiligens en kriminaliteit. It ûndersyk wurdt dien yn opdracht fan de Ministearjes fan Jústysje en Binnenlânske Saken.

It ûndersyk, de Politiemonitor, wurdt ek yn oare provinsjes hâlden. Doel is ynsjuch te krijen yn hoe feilich of ûnfeilich minsken har fiele en hoe't de plysje funksjoneart. De oerheid ferwurket de útkomsten yn belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)