Undersyk nei feilichheid

30 aug 2011 - 16:18

Sa'n 10.000 ynwenners fan 10 Fryske gemeenten kinne fan tongersdei ôf har miening jaan oer de feilichheid yn har buert. De Feilichheidsmonitor is in ûndersyk nei kriminaliteit, ûnfeilichheid, buertproblemen en it hanneljen fan de plysje. It ûndersyk wurdt gemeentlik en lanlik útfierd.

De gemeenten brûke de útkomsten fan it ûndersyk foar it eigen feilichheidsbelied. Ljouwert is ien fan de gemeenten dy't oan it ûndersyk meidocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)