"Undersyk nei farwei Drachten moat breder fan opset wurde"

22 feb 2016 - 18:55
  • Frachtskip

As der ûndersyk dien wurdt nei in nije farwei nei Drachten, moat ek sjoen wurde nei de besteande kanalen en bedriuweterreinen yn Fryslân. Dat seit de FNP yn provinsjale steaten. De partij wol net dat der djoere besluten falle oer de farwei nei Drachten sûnder in brede ôfwaging mei de rest fan Fryslân.

It ûndersyk dat it kolleezje fan deputearre steaten oant no ta al oankundige hat, is te beheind, fynt de partij. De FNP kriget dêrby op foarhân al stipe fan it CDA en de VVD.

De partijen wolle ek dat noch better útsocht wurdt wat de gefolgen binne as de farwei nei Drachten net ferbettere wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)