Undersyk nei farrûte fan Snitsermar nei Hearrenfean

17 des 2014 - 10:11
  • Binnenfeartskip

De provinsje ûndersiket oft op koarte termyn in alternative farrûte foar frachtskippen te meitsjen is fan de Snitsermar ôf nei Hearrenfean troch de Hearesylbrêge oer de Terhernster en Terkaplester Puollen. Dat komt noch boppe op in ûndersyk nei in folslein nij te graven rûte fan it Prinses Margrietkanaal nei de Meinesleat. Hjir giet it om in rjochte trochstek en wurdt sjoen nei helberens en de kosten.

Sa'n rûte moat der foar soargje dat de rekreaasjefeart en de frachtfeart wat minder yn inoars farwetter sitte.

De steaten ha hjiroer ek in moasje fan de FNP oannommen. As it nije kanaal der komt, kostet dat tsientallen miljoenen. Beide ûndersiken moatte nei de simmer fan 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)