Undersyk nei erfpacht eilannen

12 mrt 2010 - 14:54

In ploech wize manlju is dwaande mei in ûndersyk nei it erfpachtbelied op de Waadeilannen. Steatsboskbehear heft dêr erfpacht foar it Ryk op de grûn, mar wol no de heffing ferheegje mei 700 prosint. Eigners en hierders fan fakânsjehúskes soene dêrtroch folle djoerder út wêze.

Earder die in kommisje ek al ris ûndersyk nei de erfpacht. Dy koe it net iens wurde oer it advys. Ut it nije ûndersyk moat ek in advys komme oan it ministearje fan LNV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)