Undersyk nei eksplosyf Amelân

15 feb 2005 - 06:38

De Explosieven Opruimings Dienst hat moandei ûndersyk dien op it strân fan it Amelân. Dêr hat in toerist snein in eksplosyf fûn. It eksplosyf is yn ôfwachting fan de oprommingstsjinst troch de plysje bedobbe ûnder it sân. It plak is ôfset mei flachjes en linten.

Om hokfoar eksplosyf it giet is net bekend, dat wurdt troch de Explosieven Opruimings Dienst ûndersocht. Dêrnei wurdt bepaald wat der mei it eksplosyf dien wurdt. It leit op it strân by Nes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)