Undersyk nei earnstich ûngelok Hoarnstersweach rint noch

15 maaie 2015 - 10:22

De automobilist (20) út Akkrum dy't woansdeitejûn by Hoarnstersweach in man (49) út it Grinslanner Winsum dea ried, is wer thús. De man hat in ferklearring ôflein oer it ûngelok op de By de Leijwei. Dêrby kaam de man út Winsum om en rekke syn frou (44) swier ferwûne. De frou leit noch hieltiid yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins. Harren soan (18) en twa freonen rekken licht ferwûne.

Se kuieren yn it tsjuster lâns de dyk doe't se fan achteren oanriden waarden. De plysje is noch hieltiid dwaande mei it ûndersyk.

De auto fan de Akkrumer wurdt ûndersocht en de kuierders moatte noch heard wurde. Ut ûndersyk hat al wol bliken dien dat de Akkrumer gjin alkohol op hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)