'Undersyk nei dioksine-aaien'

09 sep 2013 - 15:26
  • Parsekonferinsje gemeente Harns oer dioksine-aaien

Der moat mear ûndersyk komme nei it dioksinegehalte yn aaien dy't fûn binne yn Harns en omkriten. Dat wolle de gemeente Harns, de GGD en Feilichheidsregio Fryslân. Der is ûnrêst ûntstien troch in rapport fan de politike partij Frisse Wind. Dêr stie yn dat by trettjin hobbyboeren ferhege wearden oantroffen binne.

It ûndersyk is ek oanbean oan de Voedsel- en Warenautoriteit. Dy seit dat it dioksinegehalte net ôfwykt fan it lanlik byld. Sy sjogge de needsaak fan ekstra ûndersyk no noch net, mar gean noch wol yn oerlis mei alle partijen.

De minsken op de trettjin adressen wurdt oanret de aaien foarearst net te iten. Op site gemeente Harns stiet in tillefoannûmer fan de GGD foar elk dy't fragen hat oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)