Undersyk nei delstoarte Cessna

14 maaie 2007 - 10:16

De loftfeartplysje docht ûndersyk nei it delstoarten fan in Cessna yn de Waadsee. By it ûngelok kaam de Dútske piloat (64) sneon om it libben. Hy wie ûnderweis nei Emden, mar is nei alle gedachten net goed wurden. Hy fleach sûnder him te melden it Nederlânske loftrom yn. Twa F-16's koenen yn de loft gjin kontakt mei him krije.

It tastel stoarte yn see. De piloat is yn it sikehûs ferstoarn. It fleantúch is snein út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)