Undersyk nei Dellewal-plan

26 jan 2005 - 16:50

De provinsje stipet in ûndersyk nei de komst fan in kultuer- en natoersintrum op de Dellewal op Skylge. De gemeente hat de grûn foar it projekt al yn hannen. It plan moatte in min-waarfoarsjenning opsmite dy't it eilân noch oantrekliker makket foar toeristen. It ûndersyk sil dúdlik meitsje hokker foarsjennings in plakje krije kinne op de Dellewal en oft it plan wol helber is. It soe gean om in projekt fan achttjin miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)