Undersyk nei dea poppe

24 aug 2011 - 09:01
  • It hûs oan de Sinnebuorren (foto: Alex Zwart)

It ûndersyk nei de dea fan de poppe fan seis moanne dy't snein yn Akkrum fûn waard, giet fierder. Der wurdt in buertûndersyk hâlden en de âlden wurde heard. Neffens it iepenbier ministearje is út it earste ûndersyk troch it Nederlands Forensisch Instituut net dúdlik wurden wat de oarsaak fan it ferstjerren west hat.

It iepenbier ministearje lit de mooglikheid iepen dat de poppe troch in ûngelok om it libben kaam is. Der is noch net ien oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)