Undersyk nei dea Noardburgumer

01 jan 2007 - 13:56

De plysje yn Den Haag docht ûndersyk nei de dea fan in 24-jierrige man út Noardburgum. Hy waard Nijjiersnacht net goed yn in diskoteek yn Den_Haag. De jongeman wie dêr mei in tal freonen.

Plysjes seagen dat in portier it slachtoffer nei bûten brocht en op de grûn lei. Omdat de man gjin sjoege mear joech binne de plysjes begûn mei reanimearjen. De Noardburgumer is lykwols letter yn it sikehus ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)